A Nice Girl Like You

Ut Wikipedy
A Nice Girl Like You
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Chris Riedell
Nick Riedell
produsint Jina Panebianco
Nicholas Bogner
Melanie Greene
senario Andrea Marcellus
basearre op Pornology fan
   Ayn Carillo Gailey
kamerarezjy Nico van den Berg
muzyk Aaron Zigman
filmstudio SPR Media
CaliWood Pictures
Affirmative Entertainment
distribúsje Vertical Entertainment
spilers
haadrollen Lucy Hale
Leonidas Gulaptis
byrollen Mindy Cohn
Adhir Kayan
Jackie Cruz
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 20 septimber 2020
foarm langspylfilm
sjenre romantyske komeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 94 minuten
budget en resultaten
budget ûnbekend
opbringst $771.000

A Nice Girl Like You is in Amerikaanske romantyske komeedzje út 2020 ûnder rezjy fan bruorren Riedell, mei yn 'e haadrollen Lucy Hale en Leonidas Gulaptis. De titel betsjut "In Net Fanke Lykas Dy". It ferhaal giet oer fioeliste Lucy Neal, dy't it útmakket mei har freon mei wa't se gearwennet, as se ûntdekt dat hy geregeld porno surft op it ynternet. Hy ferwyt har dêrnei dat se "pornofobysk" is, in beskuldiging dy't har net loslit. Se set útein mei it ôfwurkjen fan in list oan aktiviteiten dy't it tsjindiel bewize moatte. A Nice Girl Like You krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy. Omreden fan 'e lockdowns yn ferbân mei de koroanafiruspandemy draaide de film amper yn 'e bioskopen, en de lege opbringst dêre is sadwaande net represintatyf.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lucy Neal, in fioeliste yn in strykkwartet, wennet gear mei har freon Jeff yn it hûs yn New York dat se fan har beppe urven hat. Hy is testspiler fan nije fideospultsjes en liedt in folslein oar libben as sy. Se lykje ek folslein ferskillende ynteresses te hawwen. Lucy is boppedat tige keken, en it It hawwen fan seks is foar har in putsje dat se kombinearret mei oare dingen.

As se op in dei ûnder it hawwen fan seks ynienen wat betinkt dat se noch oan har boadskippelistke tafoegje moat, en dat lûdop útropt, kriget se wurden mei Jeff. Dy fynt nammentlik dat se ûnder de seks dwaande wêze moat mei seks en net mei de boadskippen. Letter sjocht Lucy op Jeff syn laptop dat er abonnearre is op ferskate pornowebsiden. Dêr krije se heechoprinnend spul oer, en Lucy stelt har freon in ultimatum: òf gjin porno mear, òf opsokkebalje. Dêr hoecht er Jeff net lang oer nei te tinken, dat hy siket syn spul byinoar, laadt syn auto fol en riidt út Lucy har libben wei, mar net foar't er har tabiten hat dat it net normaal is hoe't sy foar porno oer stiet: se is "pornofobysk".

Lucy hie nea tinken kinne dat Jeff leaver porno hawwe soe as har, dat se is wakker ferbjustere oer de gong fan saken. Syn lêste wurden tsjin har litte har boppedat net los. Dat, sa't se foar de moade hat, stelt se in puntelistke op. Diskear is it in opsomming fan tolve aktiviteiten oangeande pornografy en seks dy't se ôfwurkje moat om oan harsels te bewizen dat se net pornofobysk is. Op it listke steane dingen as: in seksshop besykje, in fibrator keapje en brûke, in eroatyske roman lêze, 25 pornofilms sjen, nei de huorren gean en in pornostjer moetsje.

Op in brulloft, dêr't se optrede moatte, behellet Lucy by in petear yn it skoft de oare leden fan har strykkwartet, Priscilla, Nessa en Paul, yn har swierrichheden. Letter giet se yn beskonken tastân nei it húske, dêr't se harsels yn privacy (tinkt se) úttjirget oer har ûnfermogen om sels mar it wurd "lul" op oertsjûgjende wize yn in sin te brûken. Har gerop en geraas wurdt heard troch Grant Anderson, de oantreklike tsjûge fan 'e brêgeman, dy't ta har ferlegenheid freget oft alles wol goed mei har is.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De oare deis begjint Lucy har listke ôf te wurkjen troch in protte porno te sjen en eroatyske romans te lêzen. Se spant Priscilla en Nessa foar har karke om mei nei de seksshop, dêr't se by fersin ereksjekrêm op har lippen smaart om't se mient dat it lippebalsem is. Krekt as har lippen ekstreem opswold binne, komt se Grant wer tsjin, dy't projektûntwikkeler blykt te wêzen en it tafersjoch hat oer de ferbouwing fan 'e wente boppe de seksshop. Hy lit him lykwols net ôfstjitte troch har brike kluchten, mar freget Lucy en Priscilla om op te treden op in galajûn dy't troch in freon fan him organisearre wurdt. Nei't se mei in tas fol fibrators, dildo's en oar seksboartersguod thúskommen is, giet Lucy dy jûns mei Paul nei in stripklub ta, dêr't se ien fan 'e strippers in bryfke fan tweintich dollar tastoppet en út 'e klub smiten wurdt as besiket wikseljild werom te nimmen.

Op 'e galajûn moetet Lucy foar de trêde kear Grant. As se eefkes lins nimt fan it spyljen, freget er har om mei him te dûnsjen. It probleem is dat Lucy op dat stuit wat fan it seksboartersguod oan it útprebearjen is, mei't se in tige saaie jûn fan stilstean en fioelspyljen ferwachte hie. It slagget har mei muoite om dat foar Grant ferburgen te hâlden, hoewol't se ûnder it dûnsjen in orgasme kriget fanwegen de wriuwing dy't feroarsake wurdt troch alle hommelse bewegings. Grant freget har mei út op in ôfspraakje, en Lucy stimt ta, mar se betinget dat sy bepale mei wêr't se hinne geane.

Sadwaande nimt se him de oare jûns mei nei wat se tinkt dat in lêzing is fan in bekende seksuologe, dr. Becker. It docht lykwols bliken dat it in folle ynformelere setting is, wêrby't dr. Becker har gast, it "seksmedium" madame Swaraska, Lucy út 'e seal nei it poadium ta hellet. Troch de kaarten te lêzen, wurdt madame Swaraska gewaar dat Lucy net folle seksuele ûnderfining hat en noch nea in orgasme berikt hat by it bedriuwen fan seks mei in man, mar wol troch sels te masturbearjen. Dat binne allegear dingen dy't Lucy net út hawwe wol, en alhielendal net oan Grant, dy't him lykwols kostlik fermakket. De jûn einiget yn mineur as Grant Lucy thúsbringt en har besiket te tútsjen wylst sy har kaai siket, sadat er by fersin har foarholle pattet ynstee fan har lippen.

In twadde ôfspraakje ferrint better en Lucy bedarret mei Grant op bêd, dêr't se seks hawwe ta wjerssidige tefredenens. De oare moarns, as Grant him oanklaait wylst Lucy noch sliept, sjocht er tusken har klean in elastyske swierensbroek lizzen. Dy hat se, doe't se earder mei Priscilla en Nessa op en út wie, inkeld en allinne kocht om't er sa noflik sit, mar Grant lûkt de foar de hân lizzinde konklúzje en taait op oerhastige manear ôf. Lucy mient mar dat er him ôfskrikke litten hat trochdat har sliepkeamer fol seksboartersguod leit, dat lulk en fannijs yn ferlegenheid brocht siket se de hiele brot byinoar en smyt it fuort.

Mei in pear wiken hat Lucy in audysje foar in plak yn in wichtich orkest, dat se moat nedich har fioelspyljen oefenje. Se kin de kop der lykwols net goed by hâlde en de audysje rint op neat út. Letter kriget se berjocht fan har eks Jeff. Hy sil trouwe en wol dat Lucy op 'e brulloft mei har kwartet de muzyk fersoarget. Lucy en Priscilla freegje harren ôf oft er wol doocht: wa freget no syn eks, by wa't er net ûnder de bêste omstannichheden wei rekke is, foar jins brulloft? Mar Jeff syn breid komt út in famylje dy't smoarryk is, dat it salaris foar it putsje is net wat dat Lucy-en-dy slûpe litte kinne. Dêrom stimt se ta yn it foarstel.

As Paul nei Las Vegas moat foar de trouwerij fan in freon, nûget Lucy harsels út om mei. Yn Las Vegas, dat yn Nevada leit, de iennichste Amerikaanske steat dêr't prostitúsje legaal is, wol se bordeelbesyk fan har listke skrasse. Ta Paul syn argewaasje sleept se him mei, en krekt as earder yn 'e stripklub set se him (en harsels) foar gek trochdat se har net oan 'e jildende konvinsjes foar bordeelbesyk hâldt. Paul lit har allinne, en Lucy bedarret yn in bar dêr't se oan it drinken rekket mei in groepke fakânsjefierende studinten. Har nije freonen jouwe har op foar in talintejacht en sa komt Lucy op it poadium, dêr't se optreedt mei de hûsband.

Grant, dy't kunde is fan Paul en te gast op deselde trouwerij, heart fan Paul dat Lucy ek yn Las Vegas is en siket har op. Hy leit út dat er him skammet om't er mei har op bêd west hat en dêrnei nea wer wat fan him hearre litten hat. Hy freget har om him in nije kâns te jaan en heakket dêroan ta dat er ree is om har yn alles te stypjen. Lucy, dy't gjin idee hat wat er bedoelt, lit har beprate en se belânje yn har hotelkeamer wer op bêd. Lang om let komt út dat Grant net útnaait wie foar alle seksboartersguod, mar om't er miende dat Lucy swier wie. Lucy fynt dat hilarysk en leit him út hoe't it echt sit mei de swierensbroek.

Mei Grant besiket Lucy in pornokonvinsje yn Las Vegas, dêr't se kontakt leit mei pornoaktrise Honey. Letter, op Jeff syn brulloft, blykt dat Lucy har kado oan Jeff is dat se Honey útnûge hat, fan wa't Jeff in grutte fan is. Dêrmei nimt se ek op subtile wize wraak, want Jeff is krekt troud en kin it no net mear mei Honey besykje oan te lizzen, wat er wol graach wolle soe. Ynstee sjocht Honey Paul foarby kommen, dy't altyd ûngelokkich yn 'e leafde is, en freget him om mei har te dûnsjen. Underwilens nimt Lucy Grant mei by de brulloft wei, sadat se mei him wat geheimsinnichs dwaan kin dat it lêste item op har listke is.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lucy Hale.
Jackie Cruz.
haadrollen
personaazje          akteur/aktrise
Lucy Neal Lucy Hale
Grant Anderson Leonidas Gulaptis


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Priscilla Blum Mindy Cohn
Paul Goodwin Adhir Kalyan
Nessa Jennings Jackie Cruz
Jeff Thayer Stephen Friedrich
Honey Parker Leah McKendrick
Annie Tori Piskin
dr. Becker Skye P. Marshall
madame Swaraska Nadia Quinn
Morgana Shiva Kalaiselvan

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

A Nice Girl Like You waard regissearre troch de bruorren Chris en Nick Riedell nei in senario fan Andrea Marcellus. It skript wie loskes basearre op it autobiografyske boek Pornology fan Ayn Carillo Gailey, út 2007. As produsinten wiene Jina Panebianco, Nicholas Bogner en Melanie Greene by it projekt belutsen foar de filmstudio's SPR Media, CaliWood Pictures en Affirmative Entertainment. Dêrmei wie A Nice Girl Like You in ûnôfhinklike film. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Nico van den Berg, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Aaron Zigman. De opnamen setten op 23 oktober 2018 útein en duorren oant en mei 15 novimber fan dat jier. Der waard filme op lokaasje yn New York en Las Vegas.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan A Nice Girl Like You waard fersoarge troch Vertical Entertainment, dat yn juny 2020 de distribúsjerjochten yn 'e hannen krige. It wie op dat stuit de bedoeling dat de film op 17 july fan dat jier yn 'e Amerikaanske bioskopen komme soe, mar dy plannen waarden dwerseide troch de lockdowns en oare beheinings dy't doe oan bioskoopbesyk oplein wiene yn it ramt fan 'e koroanafiruspandemy. Uteinlik kaam A Nice Girl Like You yn 'e Feriene Steaten direkt-op-fideo út. De film gie op 20 septimber 2020 wol yn Dútslân yn 'e bioskopen yn premiêre

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige A Nice Girl Like You oer it algemien negative resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat de film in tige leech goedkarringspersintaazje fan 10%, basearre op 10 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet A Nice Girl Like You in represintativer goedkarringspersintaazje fan 41%, basearre op 5 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

A Nice Girl Like You behelle yn 'e bioskopen yn 'e Dútslân en inkele oare lannen en territoaria in opbringst fan yn totaal $771.000. Hoewol't net bekend is hoe heech oft it budget fan 'e film wie, liket dat net genôch út 'e kosten te kommen. It ferlies waard lykwols feroarsake troch de koroanafiruspandemy en net troch gebrek oan belangstelling fan it bioskooppublyk. It is dêrom gjin relevant datapunt foar in beoardieling fan 'e film.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.